Helptsjinsten drok mei syktochten op Tsjûkemar en Iselmar

20 apr 2020 - 18:17

De helptsjinsten hawwe moandeitemiddei drok west mei twa miste persoanen op it wetter. Mei helikopters, boaten en op it lân waard socht nei in surfer op 'e Iselmar. Dêrneist wie der tagelyk ek in sykaksje op de Tsjûkemar.

Foto: CAMJO Media

Surfer rêden fan de Tsjûkemar

Om healwei fiven hinne krigen de helptsjinsten in melding fan in surfer yn de problemen op de Tsjûkemar by Sint-Nyk. Dêrop waarden de brânwacht, ambulânse en plysje ynset. Mei twa brânwachtboaten, in plysjeboat en helptsjinsten op 'e wâl waard der in syktocht opset. De boaten ha ferskate sykslaggen makke op de mar.

In plysjeboat hat lang om let de wettersporter oantroffen. De persoan wie ûnderkuolle en is troch de helptsjinsten behannele. De mêst fan de surfplank blyk ôfbrutsen te wêzen, wêrtroch de surfer net sels wer nei de kant komme koe.

Foto: CAMJO Media

Loas alarm op de Iselmar

In passant seach healwei de middei in seil driuwen yn de Iselmar by Murns. Dêrop belle de passant mei de helptsjinsten en waarden der meardere reddingsboaten alarmearre. "Een reddingsboot haalde het zeil uit het water en zag dat er een bepaald veiligheidssysteem was geactiveerd. Een andere getuige kon melden dat hij iemand had zien kitesurfen met datzelfde zeil. Daarop werd groots ingezet," sa fertelde wurdfierder Edwin Granneman fan de Kustwacht.

In Kustwachtfleantúch, twa Search and Rescue-helikopters, meardere KNRM-rêdingsboaten en de plysje op it strân setten in sykaksje yn gong. Nei in skoftke kaam in oare tsjûge, dy joech oan dat hy de surfer út it wetter rinnen sjoen hat. Dêrop waard kontakt socht mei de surfer en die bliken dat hy op 'e fêste wâl wie.

Edwin Granneman fan de Kustwacht

Trefwurden: 
Tsjûkemar syktocht Iselmar
(advertinsje)
(advertinsje)