Temperatuer opnimme en ôfstân tusken de apparaten: sportskoallen yn it nije normaal

By binnenkomst krije je fuortendaliks in termometer tsjin de holle oan drukt. Grien betsjut trochrinne en read net wolkom. It is it nije normaal yn de sportskoalle. Om foldwaan te kinnen oan de easken fan de oardelmeterekonomy is dit ien fan de maatregels dy't de brânsjferiening NL Actief oplein hat.
© Omrop Fryslan, Hayo Bootsma
By it Bewegingssintrum Drachten binne se der klear foar. De stickers mei rinrûtes binne al op de grûn plakt en ek is er rom de mooglikheid de hannen te ûntsmetten. In soad apparaten binne fuorthelle en no is der romte genôch, seit eigener René de Jong. "We ha trije ferhúsweinen fol apparaten hjirwei helle en opslein. Dat is bêst in soad mar we kinne, as we it tûk oanpakke, dochs al ús klanten sporte litte."

Thús dûse

Dêr brûkt de sportskoalle in app foar. Dêryn kinne minsken oanjaan wannear't se sporte wolle. Sa is ek fuortendaliks dúdlik hoefolle minsken oft op in bepaald tiidstip binnen binne. De Jong: "We begjinne moarns om sân oere en gean troch oant jûns alve. Dat jout in soad romte. Minsken kinne net yn de klaaikeamers, net dûse en ek net de sauna brûke."
Al moatte de klanten meiwurkje, sa seit de Jong: "We kinne dit allinnich dwaan as minsken har goed oan de regels en ôfspraken hâlde."
© Omrop Fryslan, Hayo Bootsma

Markearrings op de flier

Om oan te jaan wat oardel meter is, binne om de apparaten hinne strepen set. De Jong is der wis fan dat dat genôch is: "Sjoch, yn it nije normaal hâlde je al rekken mei-inoar. Jo nimme al ôfstân. Dat dogge minsken hjir binnen ek. Dêr bin ik fan oertsjûge. Dit moat wy gewoan mei ús allen dwaan, dan kin it!"

Ynstruksjes op ôfstân

De ynstrukteurs krije ek in oare rol. Sy moatte op ôfstân minsken helpe en tafersjoch hâlde op de regels. It wurdt ek dreech om nije leden fysyk goed te begelieden. Hoe't dat krekt komt, is De Jong noch net dúdlik. Dat moat de tiid útwize. Hy is der yn alle gefallen klear foar. "Ik hoopje echt dat Rutte moarn seit dat we tawurkje kinne nei in weriepening. Mar fansels al mei de sûnens foarop. Want lit it helder wêze: Dat is it alderbelangrykste."
René de Jong
© Omrop Fryslan, Hayo Bootsma