SportCast: "Bij Cambuur heb ik de mooiste tijd gehad"

Yn 2013 wurdt Dwight Lodeweges de nije trainer fan SC Cambuur. De Ljouwerters binne it seizoen dêrfoar kampioen wurden yn de earste difyzje en binne klear foar de oerstap nei it heegste nivo. Lodeweges foarmet dat seizoen mei Henk de Jong in geweldich duo. Letter stapt de coach oer nei SC Hearrenfean. Op it stuit is er assistint-bûnscoach. Yn de nije SportCast fertelt er oer syn perioades yn Fryslân en hoe it is om mei de bêste fuotballers fan de wrâld op it fjild te stean.
De podcast is ek te beharkjen op Spotify, fia Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle foargeande SportCasts werom te harkjen.
Oerstap nei SC Hearrenfean
Cambuur lit sjen dat it in oanwinst is foar de earedifyzje. Lodeweges lit syn ploech oantreklik fuotbalje. Sa wurdt der yn Ljouwert mei 3-1 wûn fan aartsrifaal SC Hearrenfean en yn de Amsterdam Arena hellet Cambuur knap in punt tsjin Ajax (1-1). De doelstelling, hânhafening, is al hast in feit. En dan wurdt op 30 maart bekind dat Lodeweges de gefoeliche oerstap makket nei SC Hearrenfean. "Het nieuws dat ik naar SC Heerenveen zou gaan lekte eerder uit dan ik dacht. Ik weet nog dat Henk zei, "Dat gaat niet goed komen, dat wordt oorlog." Maar ik was een beetje naïef en heb dat onderschat, met alle gevolgen van dien."
SC Hearrenfean
By SC Hearrenfean foldocht Lodeweges it earste seizoen oan de doelstelling. De ploech hellet de play offs. Mar yn it twadde seizoen giet it mis. De klup sit middenyn in bestjoerskrisis en sportyf sjoen giet it net florissant. Neffens Lodeweges kaam dat fral troch it fuortgean fan oanfierder Marten de Roon oan it begjin fan it seizoen. "Ik vond Marten heel belangrijk voor de ploeg en was echt teleurgesteld dat hij wegging (Atalanta Bergamo Red.). Ik dacht ook dat we het elftal in tact zouden laten. Hij had een optie in zijn contract en die zou gelicht worden, maar er waren wat strubbelingen en uiteindelijk ging hij weg. Ik vond toen dat Heerenveen qua kwaliteit door de ondergrens zakte. Dat bleek...."
Nei njoggen wedstriden fynt Hearrenfean him werom op it teloarstellende 15e plak en stapt Lodeweges op.
Oranje
Tsjintwurdich is de âld-Cambuur- en -Hearrenfean-trainer assistint by it grutte Oranje. "Ik kreeg een appje van Ronald Koeman, al dacht ik eerst dat iemand me in de maling nam. Maar al snel hoorde ik aan zijn stem dat het echt Ronald Koeman was en hij vertelde dat hij een ervaren veldtrainer zocht. Hij volgde me al langere tijd hoe ik met mijn ploegen speelde en blijkbaar was dat goed bevallen. Dat ik nu bij het Nederlands elftal zit voelt als een mooie beloning."
© Orange Pictures
Ofwikseljend prate sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber en Arjen de Boer yn de SportCast dy alle moandeis by oer al it sportnijs. De presintaasje is yn hannen fan Geert van Tuinen.