Provinsjale Steaten wolle toeristyske bedriuwen stypje mei 'aksjeplan'

Provinsjale Steaten prate woansdei oer in aksjeplan om de Fryske toeristyske bedriuwen troch de coronakrisis te helpen. Troch de coronamaatregels bestiet neffens Steatelid Jaap Stalenburg (PvdA) it risiko dat mear as de helte fan alle bedriuwen omfalt. "Dat is een probleem van de hele mienskip. We moeten zien dat we dat voorkomen", seit Stalenburg.
Redingsplan toerisme
De provinsje sil no de banken freegje om de bedriuwen mear yn 'e mjitte te kommen. "We horen van ondernemers dat het heel moeilijk voor ze is om met de banken in gesprek te komen. Daar ben ik erg van geschrokken." In berop op de banken fan it provinsjaal bestjoer soe foar mear reewilligens by finansiers soargje moatte, want de provinsje hat sels gjin jild om hoareka, kampings en boateferhierders te rêden. "De provincie kan wel het oliemannetje zijn om de bedrijven te helpen waar dat kan", sa seit Stalenburg. It aksjeplan toerisme is in inisjatyf fan PvdA, VVD, ChristenUnie en D66.

'Drijf-in' Theehuis

Het Theehuis oan de Pikmar yn Grou is op dit stuit mar hiel beheind iepen as 'drijf-in' restaurant, dêr't wettersporters mei harren boat oan de steiger in waarm miel ôfhelje kinne. "It stelt kwa omset net it measte foar, mar sa bliuwe je yn elts gefal in bytsje oan de gong", fertelt ûndernimmer Timo Slump. Binnen binne meiwurksters dwaande om alle stuollen en taffeltsjes op oardel meter ôfstân te setten. It kostet de saak ûngefear de helte oan kapasiteit.
Slump makket him ek soargen oer de sektor. "It klinkt miskien gek, mar hoareka hat belang by oare hoareka, want dat soarget foar de gesellichheid. Der hoecht fan my gjin saak yn Grou om te fallen, mar ik meitsje my wol soargen."
PvdA-steatelid Jaap Stalenburg oer it aksjeplan toerisme
Meiwurkster fan Het Theehuis mei it oardelmeter-mjitlint © Omrop Fryslân

Enkête

Het Theehuis yn Grou sil net fuortendaalks omfalle, mar neffens de brânsj-organisaasjes foar hoareka en toerisme kin grif de helte fan alle bedriuwen yn problemen komme as de lockdown noch folle langer duorret. De Toerisme Alliantie Friesland hat dêrom in enkête útset by ûndernimmers nei harren situaasje. De resultaten dêrfan komme letter dizze wike.
By Het Theehuis hoopje se dat de coronamaatregels stap-foar-stap wat soepeler makke wurde, sa't se wer wat fertsjinje kinne. "Fan my hoecht net alles tagelyk wer iepen. Earst mar de drûge hoareka, mei de oardelmeter-regels. As it dan goed gean bliuwt mei de corona, kinne je letter altyd wer fierder fersoepelje. As de boatsjes mar wer farre kinne. En de húskes yn de haven kinne om my ek wol wer iepen."
Eigener Timo Slump fan it Theehûs yn Grou
De 'drijf-in' soarget yn Grou noch foar in bytsje omset © Omrop Fryslân