Aksje nedich om trekfûgels op it Waad te beskermjen tsjin klimaatferoarings

20 apr 2020 - 16:28

It Waad is is ien fan de wichtichste plakken yn de wrâld foar fûgels dy't net op ien plak bliuwe, mar hinne en wer lûke tusken benammen Afrika en West- en Noard-Europa. Guon soarten lykas stirnzen briede hjir ek nochris.

Sângrillen op it heechwetter flechtplak by Gryn - Foto: Jeroen Reneerkens

Trochdat it tempo fan de klimaatferoarings heger leit as earder ferwachte, driigje dy fûgels yn de problemen te kommen. Dat docht bliken út ûndersyk fan Jeroen Reneerkens foar de Waadakademy yn opdracht fan it Programma naar een Rijke Waddenzee.

Ien fan de grutte gefaren is dat de plakken dêr't fûgels no noch frette en útrêste aanst ûnder wetter komme te stean. Dat soe neffens ien model al yn 2030 by Flylân wêze kinne en yn 2050 by de no noch drûchfallende platen by Teksel.

Op de koarte termyn groeit de Waadsee noch mei mei de seespegel, mar der komt in momint dat dat net mear slagget. Ien fan de fûgelsoarten dy't dêrtroch yn de problemen komt, is de sângril ('drieteenstrandloper'). Boppedat sjogge je hieltiten faker dat troch it waarme waar in hiel soad skulpbisten deagean. Dy skulpbisten en oar libben op de drûchfallende Waadplaten binne wichtich fretten foar guon soarten lykas de mients (kanoet) of de reade skries (rosse grutto).

No binne dat soarten dy't hjir net, mar yn arktyske gebieten briede. En krekt dêr gean de temperatueren it rapste omheech. Dat komt noch boppeop de problemen dy't sy hjir krije. Foar benammen strânbrieders lykas de bûnte wilster (bontbekplevier) en de lytse stirns (dwergstern) jildt no al dat harren nêsten op it Waad hieltiten faker fuortspiele by maitiidsstoarmen. In kwelderbrieder lykas de leppelbek (lepelaar) liket dêr no al fan te learren. Op It Amelân sykje sy hieltiten hegerop in plak. Mar foar strânljippen (scholekster) jildt dat sy dat lang net altiten dwaan kinne omdat dy plakken al beset binne troch oare strânljippen dy't dat plak ferdigenje.

De Waadsee leit op in krúspunt fan fûgeltrekrûtes dy't it Noardpoalgebiet ferbine mei Europa en Afrika. - Foto: Jeroen Reneerkens

Foar de measte fûgelsoarten yn it Waad jildt no al dat de oantallen ôfnimme. Dêrom wurdt op guon plakken al aksje ûndernaam. Sa binne der al plannen om sawol bûtendyks as binnendyks bried- en rêstplakken oan te lizzen wannear't de hiele seedyk tusken Lauwerseach en Koehoal fersterke wurdt. Dat is ek ien fan de oplossings dy't no neamd wurdt; binnendyks gebieten foar fûgels oanlizze as sy op de Waadsee sels ferdwine.

Fierder wurdt der warskôge om hiel bot op te passen mei it ekonomysk gebrûk fan it Waad foar fiskerij en mynbou. Alle behearders fan it Waad soene no gearwurkje moatte om de gefolgen fan de klimaatferoarings sa goed as mooglik op te fangen, sa ropt Programma naar een Rijke Waddenzee op.

Ek moat der in breed ûndersyk komme hjirnei en de konkrete maatregels dy't dêrfoar nedich binne. Dat ûndersyk is der noch net. Der wurdt wol nei sjoen as der bygelykas in fergunning nedich is foar sâltwinning, mar dat bliuwt hiel beheind, wylst je eins alle ûntwikkelings yn it Waad yn syn gehiel besjen moatte, want dy kinne by elkoar opteld foar gefolgen soargje dy't je oars net yn byld krije.

Foto: Remco de Vries

Der komme noch wol in tal nije ûndersiken nei de gaswinning ûnder it Waad, sa skriuwt minister Wiebes fan Ekonomyske Saken en Klimaat moandei oan de Twadde Keamer. It gas wurdt no neffens it hân-oan-de -kraan'-prinsipe ûnder it Waad fuorthelle; at de natuer skea driget op te rinnen, wurdt de kraan tichtdraaid. It Ryk hat dêr oan't no ta gjin oanlieding foar sjoen. Wiebes lit no alle faktoaren dy't in rol spylje by it hân-oan-de-kraan-prinsipe nochris goed tsjin it ljocht hâlden troch ûnder oare it KNMI en Deltares om te sjen at dat noch hieltiten de bêste oanpak is om de natuer goed te beskermjen tsjin gaswinning.

Ek wurde der nije foarsizzings útwurke foar de seespegelstiging yn it Waad troch dyselde organisaasjes en TNO. Wiebes skriuwt dat it westlik Waad pas oer hûndert jier of letter driget ûnder te strûpen. Dat is lykwols op basis fan ûndersyk út 2016.

Jonna van Ulzen fan de Vogelbescherming

(Advertinsje)
(Advertinsje)