Gemeente Noardeast-Fryslân: "Doch konteners net te fol!"

20 apr 2020 - 16:25

De gemeente Noardeast-Fryslân ropt minsken op om de konteners net te fol te triuwen en se dan oan de dyk te setten. Dat bart de lêste tiid geregeld, trochdat minsken thússitte en oan it oprêden binne.

Jiskewein weaget de konteners by it leegjen - Foto: Omrop Fryslân

As de kontener te fol sit, wol it lid net goed mear ticht en kin er net lege wurde. Boppedat falt der maklik smoargens út as de kontener te fol sit.

De minsken dy't de smoargens ophelje, moatte no gauris útstappe om de problemen op te lossen. En dat is net de bedoeling yn dizze coronatiid, seit de gemeente Noardeast-Fryslân.

(advertinsje)
(advertinsje)