Fries Landbouwmuseum nimt kolleksje Nationaal Veeteelt Museum oer

20 apr 2020 - 16:01

It Fries Landbouwmuseum yn Ljouwert krijt der in bysûndere kolleksje by: dy fan it Nationaal Veeteelt Museum fan Beers (Noard-Brabân). Om't it gebou dêrt it Veeteelt Museum no sit ferkocht is, moast it bestjoer op syk nei in nij plak. Dat hat no laat ta in gearwurking mei it Fries Landbouwmuseum. Fan 2021 ôf moat de kolleksje yn Ljouwert te sjen wêze.

It Frysk Lânboumuseum yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

It Nationaal Veeteelt Museum hat 20 jier yn it ki-stasjon fan it Land van Cuijk yn Beers. De kolleksje bestiet út sa'n 2.300 objekten en 25.000 foto's en oar byldmateriaal. Dêr heart ek in keunstkolleksje by mei skilderijen fan bygelyks kij. Njonken de museumstikken bringt it Veeteelt Museum ek in soad kunde yn, dy't brûkt wurde kin yn it ûnderwiis.

Neffens it Fryske lânboumuseum is de kolleksje in moaie oanfolling op it feehâlderij-part fan it museum. De histoaryske ûntwikkeling fan de feehâlderij kin goed sjen litten wurde en der is dan mear omtinken foar feefokkerij en fuortplanting. It lit sjen hoe't Nederlân yn it twadde part fan de 20e iuw mei keunstmjittige fuortplantingstechniken hieltyd mear foarinoar krige.

(advertinsje)
(advertinsje)