Wer ien oanhâlden foar oerfal op 93-jierrige frou yn Drachten

De plysje hat snein in fjirde fertochte oanhâlden foar de oerfal op in 93-jierrige ynwenster fan Drachten. It giet om 20-jierrige man, ek út Drachten. Ferline wike waarden ek al twa fertochten oanhâlden.
© ProNews
Ernest Zinsmeyer fan de plysje: "Het is een inwoner van Drachten van 20 jaar. Hij wordt woensdag voorgeleid aan de rechter-commissaris om te zien of hij vast moet blijven zitten. De andere twee die vorige week zijn opgepakt zitten nog vast, de eerste verdachte ook nog steeds. Daar is morgen een eerste pro forma-zitting voor. We verhoren ze en leggen hun verklaringen naast elkaar, om te kijken of hun verhalen overeenkomen. Ik kan geen mededelingen doen of ze eerder met justitie in aanraking zijn gekomen."
It slachtoffer oan de Korenmolen soe yn oktober ferline jier wat ôffal weismite, doe't se oerfallen en mishannele waard. De oerfallers naaiden út mei kostber guod en brieven fan har ferstoarne man. Letter waard in jildkistke yn it wetter fûn.
Ien fan de twa dieders sit al fêst, mar út ûndersyk die bliken dat se mooglik twa kompanen hiene. Tsjûgen hiene fjouwer jonge manlju sjoen, dy't in skoft by it hûs fan de frou omhongen.
Ernest Zinsmeyer fan de plysje