Bern foar ien dei wer op skoalle yn Sondel

20 apr 2020 - 15:56

Op 20 april foar de alderlêste kear nei je legere skoalle? Foar de bern fan de kristlike basisskoalle Op 'e Terp yn Sondel kin it samar sa wêze. De skoalle giet dizze simmer ticht en it is mar de fraach oft der troch corona foar dy tiid noch lesjûn wurde kin.

Dus mochten de bern moandei foar ien kear wer nei skoalle. Net allegear tagelyk, mar ien foar ien nei binnen. En dêr krigen se in live-ferzje te sjen fan it School Dicht Journaal, dat se de ôfrûne wiken al út hûs wei sjen koene.

Op skoalle wurde de bern wolkom hjitten troch professor Breughel. Gewoanwei is dit skoaldirekteur Alex van Dal, mar mei in wite prúk op en in laboratoariumjas oan kenne de bern him as de professor. De ôfrûne wiken hat it personiel alle wiken in School Dicht Journaal makke foar de bern. Neffens harsels in soart kombinaasje fan it Sinterklaas Journaal en SkoalTV.

De bern koene dizze sjoernaals út hûs wei sjen, mar foar ien kear koene se dus ek telâne op skoalle sels. Sa learden se fan de professor wêrom't hanwaskjen sa wichtich is en koene se by in echte kwismaster fragen beäntwurdzje. Doel fan de dei wie om de bern noch wat materiaal ophelje te litten, mar ek om se noch ien kear op skoalle te krijen.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

De skoalle giet dizze simmer definityf ticht troch in fúzje. Fanwegen it coronafirus rint it ôfskied fan de skoalle dit jier efkes oars as dat se yn 't foar tocht hiene. Direkteur Van Dal hat syn twivels oft de skoalle noch foar de simmer wer iepen kin en dat soe betsjutte dat de bern harren lêste skoaldei by Op 'e Terp al hân ha.

"En dat zou toch wel erg vervelend zijn. Dit is niet hoe we het afscheid wilden en dit is ook zeker niet hoe we het gaan doen", seit Van Dal. "Als we voor de zomer niet meer open kunnen, dan geven we na de zomer nog een groot feest. We hebben afgesproken dat de school niet als een nachtkaars uit zou gaan, maar met vuurwerk. Dus dat is wat er ook gaat gebeuren."

Ferslachjouwer Wytse Vellinga wie op basisskoalle Op 'e Terp yn Sondel

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
(advertinsje)
(advertinsje)