Definsje docht sikeferfier tusken Waadeilannen en fêstelân

20 apr 2020 - 15:27

It ministearje fan Definsje fersoarget yn alle gefallen de kommende twa wiken wer it ferfier fan pasjinten fan de Waadeilannen nei sikehuzen op it fêstelân. Dat bart op fersyk fan it ministearje fan Folkssûnens.

Foto: CAMJO media / Stefan Postema

Normaal docht de helikopter fan de ANWB dat. Mar troch de ynset fan Definsje kin dy no folslein ynset wurde foar it transport fan pasjinten dy't besmet binne mei it coronafirus.

Definsje wie oant fiif jier lyn ferantwurdlik foar it sikeferfier fan de eilannen nei de fêste wal. De hely dy't dat no de kommende tiid docht, is stasjonearre yn Den Helder.

(Advertinsje)
(Advertinsje)