Ekstra tafersjoch yn natuer en bosk fanwege brângefaar troch drûchte

By de Slotpleats by Bakkefean wurdt ekstra kontrolearre yn ferbân mei de drûchte. De ôfrûne wiken hawwe der trije natuerbrantsjes west yn en by it natuergebiet De Slotpleats. De lêste wie sneontemiddei. De brân wie feroarsake troch trije jongeren fan 14 en 15 jier. De brânwacht hie dat fjoer gau út.
© De Vries Media
Yn de natuergebieten fan Natuurmonumenten wurdt op 't heden ekstra kontrolearre. Trochdat it de ôfrûne tiid amper reind hat is it hiel drûch. Dat soarget foar brângefaar. Wat ek noch meispilet is dat neffens Natuurmonumenten mear en oar publyk nei de bosk giet as oars, no't der fierders neat te dwaan is fanwege de coronakrisis. Dan smyt mear oertredingen op, lykas kuierje mei in losrinnende hûn, draakjefleane of in drone yn de loft hawwe yn in rêstgebiet. Yn guon gefallen wurdt der ek brantsje baarnd yn de bosk en dat kin grutte gefolgen hawwe. Dêrom hâldt Natuurmonumenten no mear tafersjoch.