Swimbad De Jouwer riedt him ta op oardelmeterekonomy: lytse groepkes en thús dûse

20 apr 2020 - 14:25

De oardelmeterekonomy, we hearre der alle dagen oer. Mar hoe wurket dat yn de praktyk, bygelyks in yn swimbad? By Swimfun op De Jouwer wurdt op it stuit hurd wurke om it swimbad neffens de coronamaatregels klear te meitsjen foar weriepening.

Oeral steane stellaazjes, der binne skilders oan it wurk en it wetter is út it bad helle. De tydlike sluting fanwege de coronamaatregels wurdt ek benut om ûnderhald te dwaan. "It is leech, it is stil. It is sportyf, mar ek maatskiplik wol in lyts bytsje in drama", fersuchtet Tjebbe van der Meer, haad kommunikaasje en ûntwikkeling fan Sportbedrijf De Fryske Marren. "Gjin swimmers, gjin minsken, gjin wetter."

It swimbad hat al ferskate maatregels naam om him oan de oardelmeterekonomy te hâlden. In hiele opjefte, seit Van der Meer. Minsken kinne online in blok reservearje dêr't se yn komme te swimmen. "Dan kinne se fuort trochrinne sûnder dat se ien tsjinkomme. En dan moatte se ek wer op tiid nei hûs, sadat der ek oaren yn kinne en we sa min mooglik minsken tagelyk yn it bad ha."

It giet stapke foar stapke leit Van der Meer út. "We begjinne hiel lytsskalich mei tolve minsken op twa swimbanen. We ha it oer fyftich minsken yn in hiel grut swimbad dêr't normaal mear as tûzen swimme."

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Foaral by bern wurdt it in grutte útdaging om de goede ôfstân te hâlden. By de wyldwetterbaan wurdt in stopljocht pleatst en der wurde linen oanbrocht. "Ien foar ien der fan ôf en safolle mooglik ôfstân hâlde fan mekoar. Mar ek dan sille it lytse groepkes wêze dy't we tastean."

It swimbad docht dêrby in oprop oan de minsken sels om de regels goed nei te libjen. "Mocht dat net wurkje, dan sit der neat oars op om de glydbaan en it rekreative diel wer te sluten", seit Van der Meer.

Minsken moatte der ek rekken mei hâlde dat se sawol yn it foar, as nei de tiid thús dûse en omklaaie moatte. Van der Meer: "Om mar sa min mooglik kontakt te hawwen mei elkoar."

Swimbad Swimfun op De Jouwer riedt him ta op de oardelmeterekonomy

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
(advertinsje)
(advertinsje)