Fertochte oanhâlden nei lange efterfolging en flinke syktocht

De plysje út Ljouwert hat moandei in 37-jierrige man út Mussel oanhâlden. Dat barde nei in lange efterfolging en flinke syktocht. De man wurdt fertocht fan ferskate strafbere feiten.
© Anton Kappers
Plysjeminsken seagen de fertochte riden op de Sudergrêftswâl yn Ljouwert en woene him oan de kant sette. De man naaide lykwols út. By de efterfolging waard it gaspedaal flink yntrape. Yn de Resedastrjitte trof de plysje efkes letter de auto fan de fertochte oan. Hy wie op 'e nij útnaaid.
Mei help fan Burgernet koe er úteinlik oanhâlden wurde. Dêrby moast de plysje pepperspray ynsette. De fertochte sit fêst op it buro, ûnder oare foar it riden sûnder rydbewiis en syn gefaarlike rydgedrach.