NVM: Folle minder oanfragen huzen besjen "mar der hoecht mar ien keaper tusken te sitten"

20 apr 2020 - 13:36

It giet noch net hiel min mei de huzemerk yn Fryslân yn dizze coronatiid. Der wurde noch wol huzen ferkocht op 't heden, mar der binne tagelyk ek folle minder besichtigings foar ien hûs. Makelersferiening NVM hat soarch foar hoe't it oer in pear wiken komt.

It tal oanfragen is sechstich prosint minder as mids maart, fertelt foarsitter Willem Donker fan de NVM Fryslân. Dat betsjut noch altyd foar elk hûs fjouwer oant seis besichtigingen en dat binne serieuze kandidaten. "En der der hoecht mar ien keaper tusken te sitten."

Yn de Rânestêd wurkje makelers ek wol mei fideobesichtingen. Dat slacht yn Fryslân net sa oan, neffens Donker. De huzeferkeapsektor besiket it gefaar fan coronabesmettingen yn Fryslân mei spulregels foar besichtingen foar te kommen.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Doarren iepen

De sjoggers moatte fansels hjir ek oardel meter ôfstân hâlde, by sykte giet de besichtiging net troch en kandidaat-keapers meie mei net mear as twa persoanen komme om te hûsbesjen. "Minsken dy't de bern thús hawwe, freegje wolris oft se dy meinimme meie, mar dat kin net. En wy freegje de ferkeaper om de doarren safolle mooglik iepen te hâlden, sadat de sjoggers sa min mooglik hoege oan te reitsjen."

Dochs is it bytiden dreech. "Guon minsken ferjitte ôfstân te hâlden yn al harren entûsjasme. Dan glippe se gau achter my del om deryn te kommen. En yn in gong of op in trep is it ek dreech om ôfstân te hâlden."

Oer in pear wiken mear dúdlikens

It is no noch te betiid om te sizzen oft en hoefolle skea oft de huzeferkeapbrânsj hat fan de coronakrisis. It is wol sa dat in soad minsken ôfwachtsje. Minder minsken sette harren hûs te keap. De útwurking fan minder ynkommen yn it twadde kwartaal binne pas te fernimmen yn it tredde kwartaal. Oer in pear wiken binne de gefolgen pas goed te sjen, seit Donker.

Willem Donker, foarsitter fan de NVM Fryslân

Foto: Omrop Fryslân
(advertinsje)
(advertinsje)