Mavo De Saad yn Damwâld slút de doarren

Middelbere skoalle De Saad yn Damwâld slút har doarren. Der hawwe har mar 33 learlingen oanmeld foar takom skoaljier. Dat is te min en betsjut dat de foarnommen fúzje mei skoallemienskip Piter Jelles net trochgiet. De doarren gean ein dit skoaljier definityf ticht.
Mavo De Saad yn Damwald slut de doarren
Yn 2019 waard it plan betocht foar in fúzje, wêrmei't de skoalle yn Damwâld iepen bliuwe koe. No't dat plan fan de baan is, falt it doek foar de lêste selsstannige mavo yn Fryslân. Direkteur Jantine van der Kooij is bot teloarsteld. "In het achterliggende jaar hebben we intensief met elkaar gesproken. Van beide zijden was er een positieve intentie om de samenwerking vorm te geven. Met deze lage instroom wordt helaas anders voor ons beslist."
It skoalgebou stiet midden yn it doarp, tsjinoer de Rabobank. Earder al ferkocht de Rabobank har kantoar. No komt der nei alle gedachten op 'e nij in grut gebou te keap te stean.
© Google Maps
Bestjoerslid Ico Prins fan De Saad