GGD Fryslân: Trije coronapasjinten ferstoarn en seis nije besmettingen fêststeld

Der binne de ôfrûne 24 oeren trije coronapasjinten ferstoarn, meldt de GGD. Dêrmei komt it folsleine oantal minsken wêrfan't fêststeld is dat se ferstoarn binne oan de gefolgen fan it coronafirus op 48 minsken. Boppedat kamen der seis nije coronapasjinten by. Mei elkoar binne yn Fryslân no 455 besmettingsgefallen offisjeel fêststeld troch de GGD.
GGD Fryslân © GGD Fryslân
Dy gefallen komme ûnder oare oan it ljocht trochdat minsken, benammen soarchmeiwurkers, test wurde yn in spesjale fasiliteit yn Ljouwert. Dy testfasiliteit is no twa wiken yn bedriuw.
Neffens Everhard Hofstra fan GGD Fryslân is der foldwaande testkapasiteit yn Ljouwert. "We testen per dag tussen de 60 en 90 personen, voornamelijk zorgmedewerkers. We kunnen in principe meer dan 100 aan, maar dat aanbod is er op dit moment nog niet geweest. Dus vooralsnog kunnen we de vraag die er is, beantwoorden."

Mooglike útwreiding testbelied

Dat it oanbod leger bliuwt as de kapasiteit, leit oan it lanlik testbelied oer wannear't soarchpersoniel yn oanmerking komt om test te wurden. Tiisdeitejûn makket it kabinet in nije corona-oanpak bekend. Hofstra kin it him foarstelle dat it testbelied dan ek mei oare groepen minsken útwreide wurdt. "Het kan dus best zijn dat we die testcapaciteit in de toekomst nog nodig hebben. Dat verwacht ik wel."
Everhard Hofstra fan GGD Fryslân