Star Wars-poppe berne op De Jouwer - May the force be with you

20 apr 2020 - 11:26

Wat dochst ast hielendal sljocht bist fan Star Wars en do krijst in poppe? Fansels, dan ferneamst dyn soan nei it belangrykste personaazje út de films: Luke Skywalker. Werner Bijlsma fan De Jouwer is sûnt 7 april de grutske heit fan soan Julan Luke. May the force be with you.

Foto: Werner Bijlsma

Net allinnich de namme fan syn soan is bysûnder; ek it bertekaartsje falt op. Oan de binnenkant stiet te lêzen 'Papa's lightsaber strikes again'. "In bytsje dûbelsinnich", laket heit Werner. "Mar dat wie ek presys ús bedoeling." It kaartsje is makke troch in goeie freondin fan de famylje. "Sy hat in kombinaasje makke fan myn passy foar Star Wars en it tema 'Blond', dêr't my frou fan hâldt. Wy fine it einresultaat prachtich wurden."

Foto: Werner Bijlsma

Der sille fêst mear heiten wêze, dy't harren soan graach ferneame wolle nei in film. Mar yn in soad gefallen giet der in streek troch dizze moaie ideeën. Dochs slagge it Werner wol om syn frou sa fier te krijen. "Jo moatte gewoan soargje dat jo allinnich nei it gemeentehûs gean om oanjefte te dwaan", knypeaget er. "Nee hear, mar jo moatte wat in balâns fine. Myn frou fûn Luke wol in moaie namme, dus dat mocht."

Berne yn de baaikeamer

In bysûndere namme, in bysûnder poppekaartsje én in bysûndere befalling. Julan Luke waard nammentlik berne op de flier fan de baaikeamer. "Ik ha sels myn soan helle. Op sa'n momint giet alles reedlik automatysk, in soad dingen gean fansels. Jo ha net echt de tiid om nei te tinken op sa'n momint."

Bekend suske

Julan Luke is lykwols net de iennige yn it gesin Bijlsma mei in Star Wars-namme. Ek Julan syn suske fan twa jier, Elin Rey, is ferneamd nei in karakter út de nijste Star Wars-films. "In hiel moai ikoanyske frou, dy't hiel moai by har past."

Foto: Werner Bijlsma

Heit Werner Bijlsma oer de berte fan syn soan

(advertinsje)
(advertinsje)