Autobrân yn Suwâld mooglik oanstutsen
De brânwacht fan Burgum moast sneintejûn yn aksje komme foar in autobrân yn Suwâld. De auto stie ûnder in carport. Neffens buertbewenners binne der oanmaakblokjes oantroffen.
De brânwacht koe de autobrân rap útkrije. De plysje docht ûndersyk nei de oarsaak fan de brân. Brânstifting wurdt net útsluten.