Brân by ûndergrûnske jiskekontener yn Ljouwert

Bewenners oan de Aert van der Neerstraat yn Ljouwert binne yn de nacht fan snein op moandei wekker wurden fan in brân yn in ûndergrûnske jiskekontener. Nei alle gedachten is rommel njonken de kontener yn 'e brân stutsen.
© AS Media
De brânwacht hie de brân rap ûnder kontrôle en wist foar te kommen dat de flammen oersloegen nei de omlizzende boskjes.