Lânskipsbehear Fryslân telt tal briedfûgels yn houtwâlen

20 apr 2020 - 09:08

Blokmieskes, de griene spjocht of it blaumieske: nettsjinsteande dat it mei in soad greidefûgels net goed giet, wurdt der folop bret yn de houtwâlen yn Fryslân. Sûnt 2017 monitoarret Lânskipsbehear Fryslân de ferskate soarten briedfûgels yn houtwâlen en elzesingels. "Wy dogge alles op gehoar. Komst mei gemak wol sa'n trichtich soarten briedfûgels tsjin."

It is saak om mei goeie waarsomstannichheden it lân yn te gean. As it te hurd waait, kinst de fûgels net hearre. "Ik doch it measte op basis fan it lûd", seit Gerrit Tuinstra fan Lânskipsbehear Fryslân. Op in dei giet Tuinstra sa'n tsien oant tolve houtwâlen bydel om te sjen hokker briedfûgels der harren nestkes bouwe.

Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

"Dit is de gekraagde roodstaart", seit Tuinstra as er it opfallende lûd fan dit fûgeltsje heart. "Dat is in soart dy't benammen foarkomt yn de Noardlike Fryske Wâlden."

Gerrit Tuinstra fan Lânskipsbehear Fryslân

Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

It giet reedlik mei de briedfûgels yn Fryslân, wit Tuinstra. "Ek hjir gean de briedfûgels achterút troch in yntinsive lânbou. Mar just yn de houtwâlen dogge briedfûgels it goed." Om te witten wat der oan briedfûgels is, wurde alle beamwâlen yn kaart brocht troch Lânskipsbehear Fryslân. "Ek sette wy der noch in briedkoade by, sadat wy krekt witte wat der yn dy houtwâlen bart."

Ferslachjouwer Timo Jepkema sjocht yn in houtwâl

Takom jier wol Lânskipsbehear Fryslân op basis fan de monitoaringen besjen oft bepaalde briedfûgelsoarten efterút gean. Yn totaal 70 houtwâlen yn it jier wurde der yn de gaten hâlden.

(advertinsje)
(advertinsje)