Kollum: "Utfanhûs"

20 apr 2020 - 08:30

"Alle sneintejûns sitte wy foar Boer Zoekt Vrouw. Ik moat sizze dat dit seizoen wat minder spannend is as foargeande edysjes. It is allegear wat 'gezapig', wat braaf, wat saai. Der bart net folle, der is gjin passy oant no ta en de boeren ûndernimme net sa folle mei harren froulju. En just oer dat lêste puntsje ûntstie foarige wike folop opskuor.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Nynke van der Zee

Boer Bastiaan krige der op social media flink fan lâns. De boer út Seelân soe syn froulju te min omtinken jaan. Hy wie dei en nacht yn it spier en gong sels nei in fergadering ta jûns yn stee fan njonken syn froulju by de houtkachel te sitten. Ik snap de konsternaasje, mar tagelyk is dit sa't it boerelibben is.

In boer hat gjin kantoarbaan fan acht oant fiif. Gjin ferlofdagen dy't er opnimme kin as de útfanhûzers komme. Alles giet gewoan troch. Der moat moarns en jûns molken wurde, de varkens motte vreten en 't hooi mot van 't land. Of yn it gefal fan Bastiaan: de witlofpennen motte van 't land. En dus hie er it dêr smoardrok mei.

Dat fine in soad minsken miskien nuver, want wêrom moat soks krekt no yn de útfanhûzerswike? No, omdat wytlof simpelwei net wachtet op in telefyzjeprogramma. It is klear as it klear is en it moat fan it lân ôf as it fan it lân ôf moat. No ha ik gjin sek ferstân fan wytlof, mar Bastiaan sil fêst wol witte wannear't de bêste tiid is foar it binnenheljen fan syn rispinge. En as dat krekt yn de wike is dat de redaksje fan Boer Zoekt Vrouw betocht hat dat dyn famkes útfanhûs komme, dan is dat net oars.

Litte we yn stee fan te eameljen, ris besykje om it fan de positive kant te besjen: no krije dy beide famkes fan Bastiaan wol in hiel goed byld fan it libben op 'e buorkerij. Datst net altyd gesellich mei syn allen oan de keukentafel praatst oer 'koetjes en kalfjes', mei in âlde auto yn it lân om krosse kinst, mei in buks op lege blikjes sjitst, datst de hiele dei hynders knuffelest of lamkes aaist. Nee, it is keihurd wurkjen. En dat betsjut datst as partner op bepaalde mominten dus allinnich op 'e bank yn 'e hûs sitst.

Ien ding is hiel Nederlân foarige wike dúdlik wurden: as boer bist noait frij. Ek net as de útfanhûzerswike fan Boer Zoekt Vrouw begjint. Ja, de iene boer kin wat makliker tiid frij meitsje as de oare, mar it wurk giet gewoan troch. Wiest in wike letter kaam, dan hie Bastiaan miskien alle tiid fan de wrâld foar dy hân, mar dit is sa't it is. Dit is it echte libben. It boerenlibben. Fynst dêr as útfanhûs-famke neat oan, dan betwivelje ik oftst op de buorkerij past."

(advertinsje)
(advertinsje)