Studinten Friesland College wolle ek nei de coronakrisis graach online lessen folgje

20 apr 2020 - 08:04

Studinten fan it Friesland College wolle ek nei de coronakrisis faker online les krije. Dat docht bliken út in enkête dy't de skoalle hâlden hat ûnder studinten en meiwurkers fan de mbo-opliedings fan it Friesland College. Rom de helte fan de studinten jout oan dat se graach mear ûnderwiis folgje wolle út hûs wei.

Ut de enkête ûnder rom 1200 studinten en 400 dosinten docht bliken dat beide partijen posityf binne oer it online ûnderwiis. "De studenten geven aan bijvoorbeeld twee dagen in de week online les te willen krijgen." sa seit Jan Dijksma fan it Friesland College. Dijksma is dêr wiis mei, want dat jout neffens him oan dat de skoalle it op dit stuit op de goeie wize oanpakt hat.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Positive reaksjes

Studinten benammen te sprekken oer it direkte kontakt dat se no online hawwe mei de dosinten. Dijksma: "Ze geven aan nu veel vaker een één op één gesprek te hebben met hun coach. Welliswaar via een scherm, maar het is een stuk makkelijker om dat soort gesprekken nu te voeren." Neist de entûsjaste reaksje binne der ek in soad studinten dy't oanjouwe dat se sa gau as mooglik wer werom wolle nei de âlde sitewaasje. Dijksma: "Een kwart van de deelnemers van de enquete wil weer gewoon les krijgen. Ze missen vooral de sociale contacten."

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Ek dosinten fan it Friesland College lykje iepen te stean foar mear online ûnderwiis. "De docenten hebben in een hele korte tijd moeten leren hoe ze zo'n online les opzetten en hoe ze het contact met de klas kunnen maken. En dat gaat gewoon goed", sa seit Dijksma. "Het leuke is dat de studenten ook de docenten helpen. Ze hebben tips om die online lessen beter te maken, dus de docenten leren ook van studenten." It giet dan bygelyks om saken lykas it oanhâlden fan de kamera fan alle studinten, sadat elkenien ek echt mei docht. En it meitsjen fan in gearfetting oan it ein fan de online sesje.

Sosjaal kontakt

"Er gaat na de coronacrisis zeker iets veranderen aan het onderwijs." sa ferwachtet Dijksma. "We zullen zeker meer online gaan doen. Hoe dat er precies uit gaat zien weten we natuurlijk nog niet, maar we hebben nu zoveel geleerd dat het zonde zou zijn om het niet te gebruiken." Mar it is neffens Dijksma perfoarst net sa dat no daliks alles mar online barre sil. "Daarvoor is de praktijk in ons onderwijs te belangrijk. En ook het sociale contact, dus dat zal altijd blijven."

Jan Dijksma fan it Friesland College

(advertinsje)
(advertinsje)