Fryslân fan Boppen fan moandei ôf mei GPS-tracker te folgjen

Fan moandei ôf fleane de drones fan 'Fryslân fan boppen' mei in saneamde GPS-tracker. Dat betsjut dat elkenien fan moandei ôf sjen kin wêr't de drone op dat stuit fljocht. Minsken kinne sjen wêr't de drone fljocht op basis fan dizze GPS-tracker fan Snakeware.
It projekt 'Fryslân fan Boppen' begjint mei de GPS-tracker, omdat ferline wike net goed dúdlik wie wannear't de drones oerkomme soene. Minsken stiene soms oeren te wachtsjen en nei de loft te sjen. Projektlieder Lieuwe Krol leit út hoe't dat kin. "Wy ha ferline wike sjoen dat wy sa no en dan útrinne op guon plakken. Der is sa folle te sjen yn de doarpen, dat wy langer dwaande binne mei de drone. Dan is it ferfelend foar oare doarpen, dêr't wy letter komme. Mei de GPS-tracker kinne minsken presys sjen wêr't wy binne en wannear't se nei bûten moatte."

Teloarstelling foarkomme

Krol is tige te sprekken oer alle oanmeldings dy't er krijt. "It is oerweldigjend wat de minsken allegear oanmelde kwa projekten. Dat makket dat wy somtiden langer dwaande binne mei de drone. Minsken moatte dan lang wachtsje." Dochs krijt de projektlieder ek in hiel soad positive reaksjes. "Wy krije in hiel soad positive reaksjes. Minsken fine it moai dat wy dit dogge. It jout wer wat reuring en der is wer wat te dwaan yn it doarp, sizze in protte minsken."

Ofstân bewarje

De plysje hat ek kontakt hân mei de projektlieder oer de coronamaatregels. "As de drone komt, gean minsken nei bûten en steane se mei te folle minsken byelkoar. Dat is fansels net wat wy as organisaasje wolle. Bliuw dêrom sa folle mooglik yn eigen tún en hâld yn alle gefallen oardel meter ôfstân as wy lânskomme."
Projektlieder Lieuwe Krol

Rûte moandei 20 april

Moandei 20 april dogge wy de earste Alvestêde-etappe, fan Ljouwert oant Starum. Wy fleane mei trije teams dy't elk fan 9.00 oant 12.30 oere in part fan de rûte filmje. It earste team fljocht fan Ljouwert (MCL, Huzum, Húzum-West, Vossepark), Weidum nei Skearnegoutum. Team twa fljocht fan Snits (Noardeasthoek, Beammebuert, Binnestêd, Lemsterwei-West), nei Drylts en Wâldsein. En team trije fljocht fan Sleat, Balk, Galamadammen, Warns nei Starum.
De GPS-tracker is hjir te besjen: https://fryslanfanboppen.snakeware.nl.

Rûte tiisdei 21 april

Tiisdei 21 april dogge wy de twadde Alvestêde-etappe. Wy filmje yn plakken fan Molkwar oant Frjentsjer. Wy fleane mei twa teams dy't tusken 9.00 en 13.00 oere elk in part fan de rûte filmje. Team ien fljocht fan Molkwar nei Hylpen, Warkum, Parregea, Tsjerkwert nei Boalsert. Team twa fljocht fan Wytmarsum nei Arum, Kimswert, Harns nei Frjentsjer.
Sjoch hjir foar de rûten fan de oare dagen takom wike.

Dyn eigen doarp yn byld

Minsken genietsje derfan om Fryslân fan boppen te besjen. De nammen fan de doarpen dêr't oerhinne flein wurdt, komme yn byld. De tiidfekken dat de drones fleane binne wat rommer as yn it begjin, sadat der mear loftopnamen makke wurde kinne.

Sels ek meidwaan?

Elkenien dy't in aksje ûnderweis opset, kin dy oanmelde fia dit formulier. Wy kinne net garandearje dat elkenien yn byld komt, der sil in kar makke wurde moatte fanwegen de beskikbere tiid. Mooglike ûnferwachte omstannichheden meitsje dat minsken (yn de doarpen) oan de rûte rekken hâlde moatte mei in healoere romte, sawol earder as letter.
Let op, de plysje freget om ek by tariedingen op Fryslân fan Boppen de oardel meter en oare rjochtlinen fan it RIVM goed yn 'e gaten te hâlden!
Bliuw sterk bliuw sûn © Omrop Fryslân
'Fryslân fan Boppen' is in projekt fan LF2028, de Fryske gemeenten, Omrop Fryslân en de Leeuwarder Courant. Op woansdei 15 april, de dei dat 75 jier befrijing fan Fryslân fierd waard, binne de droneteams begûn. De opnamen fanút de loft binne in dei letter op telefyzje en op ynternet te sjen.
Fryslân fan Boppen is in (wurk-)dei letter te sjen op telefyzje (ûnder it programma 'de Middei fan Fryslân') tusken 14.00 en 16.00 oere. Jûns om 21.30 oere is der in kompilaasje op telefyzje en op omropfryslan.nl/fryslanfanboppen.