Wurk oan kaden Langwarder Wielen útsteld fanwege briedende mûzefalk

20 apr 2020 - 07:35

It wurk oan de kaden lâns de eastkant fan de Langwarder Wielen is útsteld fanwege in briedende mûzefalk. Wetterskip Fryslân soe moandei úteinsette mei it ferheegjen fan de kearingen. Alle fergunningen wiene al binnen.

In mûzebiter yn de sleatswâl. - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân

Ut in skou fan meiwurkers fan Wetterskip Fryslân die lykwols bliken dat der in mûzefalk oan it brieden wie yn de Langwarder Wielen. Om dizze rôffûgel net te steuren, is it wurk útsteld oant ein juny of begjin july. Dat is neffens it Wetterskip yn goed oerlis gong mei de oannimmer. It wurk op it wetter kin wol gewoan trochgean.

(advertinsje)
(advertinsje)