Drokte en drûchte yn de bosken: "Ik denk dat we een lastig jaar tegemoet gaan"

20 apr 2020 - 07:18

In soad minsken brûke de natoer as in 'bûtensportskoalle' yn dizze coronatiid. Of om gewoan te genietsjen mei dit moaie waar. Benammen bosken hawwe te krijen mei in soad drokte. Mar ek mei ekstreme drûchte. Al sûnt heal maart hat it amper mear reind. Henk Jan van der Veen is boskwachter by Steatsboskbehear en makket him grutte soargen. "Ik denk dat we een lastig jaar tegemoet gaan."

Foto: Omrop Fryslân

Al sûnt 15 maart hat it hast net mear reind. Dat soarget foar ekstreme drûchte yn bosken en natoergebieten. Neffens boskwachter Henk Jan van der Veen is sa'n lange drûchteperioade yn de maitiid unyk. "Die omslag vanaf 15 maart is ongekend. Bovendien hebben we al volop zonuren gemaakt. Van 21 maart tot 21 april hebben we qua zonuren bijna een record."

Drûchtemaraton

Sa'n maitiid is foar minsken hearlik, mar foar de natoer in stik minder geunstich. "De natuur heeft twee jaar lang op droogte moeten teren. Vorig jaar kreeg de natuur ook een behoorlijke dreun door de droogte. Dan is het alsof je een marathon moet lopen voor de tweede keer. De droogte gaat gewoon door, daar waar hij twee jaar geleden is begonnen."

En dus makket de boskwachter him grutte soargen oer de floara en de fauna. "Ook de komende twee weken blijft het droog. Tot half mei zit er geen druppel regen in de lucht. Op sommige plekken is de grond in de bovenlaag keihard. Als je als weidevogel eten moet vinden, is dat bijna niet te doen. Ik heb er een hard hoofd in dat het weer helemaal hersteld."

Brângefaar

Boppedat bringt dy drûchte ek it gefaar op boskbrannen en heidebrannen mei him mei. Van der Veen: "In dit soort situaties moet je altijd extra alert zijn. Er ligt dood hout in de bossen, waardoor het nog gevaarlijker wordt. Zeker op de hogere zandgrond in Zuidoost- en Zuidwest-Fryslân geldt brandgevaar. Vergeet de Waddeneilanden niet, dat zijn extra droogtegevoelige gebieden."

Om brân foar te kommen, hat de boskwachter trije tips. "Let op sigarettenpeuken, gooi ze niet achteloos weg. Ga niet barbecueën in het bos en maak zeker geen open vuur in de natuur."

Boskwachter Henk Jan van der Veen

(advertinsje)
(advertinsje)