Liveblog | 20 april 2020

Coronanijs moandei 20 april: foarútsjen op parsekonferinsje kabinet

Yn dit liveblog melde wy it lêste nijs oer it coronafirus.
Lêst bywurke: 21 april 2020, 06:42
moandei 20 april 2020
22:24

RTL Nieuws: bern yn groepkes nei skoalle, gjin ferromming yn noarden

Neffens berjochten fan RTL Nieuws soe it advys fan saakkundigen oan it kabinet wêze dat bern wer yn lytse groepkes nei skoalle kinne en dat de hoareka oant healwei maaie ticht bliuwt. RTL Nieuws seit dat boarnen tsjin harren sein hawwe dat saakkundigen fan it Outbreak Manegement Team (OMT) dizze advizen jûn hat.
Bern soene yn lytsere groepkes, ferspraat oer de dei, wer nei skoalle kinne. De skoalfakânsjes moatte wol ynkoarten wurde. Fierder soene bern oant 12 jier trije kear yn de wike sporte moatte. De hoareka moat oant 16 maaie ticht bliuwe, tinkt RTL Nieuws te witten. Eveneminten wurde oant septimber of oktober skrast. Soarchynstellings soene de romte krije moatte om wer 1 of 2 persoanen oan besite ta te litten. Ek musea en dieretunen soene mei guon betingsten wer wat iepen kinne.
It ferromjen fan de maatregels yn it noarden fan it lân soe neffens it OMT net in goed idee wêze, seit RTL Nieuws.
20:20

55 sikehûspasjinten mei corona: 19 op IC, 36 bûten IC

Der lizze op dit stuit 55 minsken yn de Fryske sikehuzen, dat hat it Regionaal Overleg Acute Zorg Noord-Nederland (ROAZ) bekendmakke. Dêrfan lizze der 19 op de intensive care's en 36 op oare ôfdielingen. Snein wiene dat der ek 19 op de intensive care's en 38 minsken op oare ôfdielingen.
Regionaal Overleg Acute Zorg Noord-Nederland (ROAZ) © ROAZ
20:11

Dit ferwachtet direkteur Veiligheidsregio Fryslân fan it kabinet

Direkteur fan de Veiligheidsregio Fryslân Wim Kleinhuis jout oan dat ús provinsje net fuortendaalks sizzenskip hat yn it oerlis mei it kabinet. "Wy hawwe net direkt wat meijaan kinnen oan it kabinet foar it beslút wat sy nimme moatte. Us foarsitter is mei it foarljochtingsberied byinoar en dan prate se mei de minister oer de maatregels dy't tiisdei foarlizze. Dêr kinne sy advys oer jaan. Mar wy wurde net streekrjocht frege nei wat wy der fan fine."
GGD Fryslân: Trije coronapasjinten ferstoarn en seis nije besmettingen fêststeld
19:45

Hoe sit it mei faksinaasje tsjin meningokokken?

17:56

Wat dogge sportskoallen mei corona?

By binnenkomst krije je fuortendaliks in termometer tsjin de holle oan drukt. Grien betsjut trochrinne en read net wolkom. It is it nije normaal yn de sportskoalle. Om foldwaan te kinnen oan de easken fan de oardelmeterekonomy is dit ien fan de maatregels dy't de brânsjferiening NL Actief oplein hat.
By it Bewegingssintrum Drachten binne se der klear foar. De stickers mei rinrûtes binne al op de grûn plakt en ek is er rom de mooglikheid de hannen te ûntsmetten.
© Omrop Fryslan, Hayo Bootsma
17:36

Provinsjale Steaten wolle toeristyske bedriuwen stypje mei 'aksjeplan'

Provinsjale Steaten prate woansdei oer in aksjeplan om de Fryske toeristyske bedriuwen troch de coronakrisis te helpen. Troch de coronamaatregels bestiet neffens Steatelid Jaap Stalenburg (PvdA) it risiko dat mear as de helte fan alle bedriuwen omfalt. "Dat is een probleem van de hele mienskip. We moeten zien dat we dat voorkomen", seit Stalenburg.
De provinsje sil no de banken freegje om de bedriuwen mear yn 'e mjitte te kommen. "We horen van ondernemers dat het heel moeilijk voor ze is om met de banken in gesprek te komen. Daar ben ik erg van geschrokken." In berop op de banken fan it provinsjaal bestjoer soe foar mear reewilligens by finansiers soargje moatte, want de provinsje hat sels gjin jild om hoareka, kampings en boateferhierders te rêden. "De provincie kan wel het oliemannetje zijn om de bedrijven te helpen waar dat kan", sa seit Stalenburg. It aksjeplan toerisme is in inisjatyf fan PvdA, VVD, ChristenUnie en D66.
Redingsplan toerisme