Rekôr oan bijen sjoen by Nasjonale Bijetelling

19 apr 2020 - 20:53

By de Nasjonale Bijetelling is in rekôr oan bijen teld. 9888 minsken diene mei, en seagen 136.000 bijen. Ferline jier diene 5000 minsken mei, dy't 54.000 bijen telden.

Sjoch hjir hoe't de suskes Marjet, Janiek en Amber yn harren achtertún meidiene oan de bijetelling:

"De resultaten wijzen erop dat het zeker niet slecht gaat met bijen in de stedelijke omgeving. De aandacht van bewoners en gemeenten voor bijen lijkt te helpen", sa seit Vincent Kalkman, entomolooch by Naturalis en belutsen by it bije-ûndersyk.

Neffens in oare ûndersiker, Koos Biesmeijer fan Naturalis, hat de lockdown yn ferbân mei it coronafirus fertuten dien by it tal minsken dat meidien hat oan de telling. "Uit heel Nederland zijn resultaten binnengekomen. Dat is precies wat je als onderzoeker wilt. Het geeft ons nieuw inzicht in bijvoorbeeld de verschillen tussen noord en zuid, of stad, dorp en platteland."

(advertinsje)
(advertinsje)