Ek astronauten dogge mei oan Fryslân fan Boppen
De Amerikaanske romtefeartorganisaasje NASA hat nije foto's pleatst fan de ierde. Op ien dêrfan is in bysûnder moaie foto te sjen fan it noarden fan Nederlân, mei Fryslân en de Waadeilannen dúdlik sichtber. De foto's binne makke troch astronauten dy't op misje wiene yn it ISS.