Stichting 'Let's Do It' foar bern fan Chris de Wagt

It is bedoeld op jild yn te sammeljen foar de stúdzje fan de bern fan Chris de Wagt: de stichting 'Let's Do It'. Sandor van der Heide en Kerst Hofman, beide âld-fuotballers fan Cambuur en ONS Snits, binne dizze stichting begûn. Op 19 jannewaris ferstoar Chris de Wagt op 34-jierrige leeftyd.
Stichting foar bern fan Chris de Wagt
"Het is een stichting voor de kinderen. Het is de bedoeling dat we zoveel mogelijk geld ophalen voor de kinderen. Uit naam van Chris", sa fertelt Sandor van der Heide oer harren inisjatyf. "Chris is er natuurlijk niet meer bij als de kinderen gaan studeren, maar het is onze bedoeling de kinderen toch te laten studeren dankzij Chris."
Doe't Chris op syn syktebêd lei, hat Sandor it Chris en syn frou Mariëlle ferteld. "We hebben het samen besproken en dat was voor ons allemaal best emotioneel. Maar ze vonden het ook een mooi initiatief. Toen hebben we gezegd: wij regelen alles, als je iets niet wilt, geef het maar aan", sa seit Van der Heide. Chris hat doe sels noch de namme fan de stichting betocht. "Let's do it was zo'n beetje zijn lijfspreuk."

Grutske heit en frou

Harm de Wagt is de heit fan Chris. "Ja, dit is fansels in geweldige aksje," sa seit hy. "Je steane dêr hielendal net by stil, mar as je soks sjogge, dan wurde je dêr wol emosjoneel fan. Dan sjogge je dat sport 'ferbroedert'."
Dan sjochst by Chris ek de triennen.
Mariëlle De Wagt-Riemersma
Mariëlle De Wagt-Riemersma is de frou fan Chris. Se wie der by, doe't Sandor it oan harren fertelde. "Faak kaam Sandor efkes del mei wat iten." Faak wie dat fisk, mar Chris wie doe al wat minder. "Dat waard dizze kear in milkshake. Doe fertelde Sandor wat se dwaan woene. Dat wie foar ús beide hiel moai. Chris wie doe al net mear sa skerp. Dat wie hy oars altyd wol. Dy dei gong it al wat minder. Mar it wie super moai. Sandor fertelt dat dan en dan sjochst by Chris de triennen. En hâldst it sels ek net drûch. Nee, dat wie super. Echt hiel moai", sa seit Mariëlle.
Wolle jo in bydrage leverje, mail dan nei letsdoit.stichting@gmail.com