App-bouwer Surhústerfean: corona-app minder gefaarlik as sosjale apps

De corona-app dy't it kabinet yntrodusearje wol om minsken dy't besmet binne mei it coronafirus op te spoaren is minder gefaarlik foar de privacy as Facebook, Instagram of Twitter. Dat seit Wouter Slotegraaf fan app-bouwer Freed út Surhústerfean.
App-bouwer oer corona-app
Neffens Slotegraaf wurket de app mei it prinsipe dat it tastel dêr't de app op sit in oar tastel yn de omjouwing werkent oan in koade. As in tastelbesitter it firus hat kin hy dat melde. Oare minsken kinne dan sjen oft se by dizze pasjint yn de buert west hawwe. Mar se sjogge net de namme of oare gegevens fan de pasjint. Allinnich de koade.

Sosjale apps

Oare apps lykas Facebook, Twitter, Instagram of WhatsApp sammelje folle mear gegevens fan de brûkers, seit Slotegraaf. Minsken hoege dêrom net benaud te wêze foar harren privacy as sy de app op de telefoan sette. Neffens him is it foar de privacy folle better as minsken harren bewust binne fan wat oare apps allegearre oan gegevens sammelje. As in brûker fan de app dizze wer fan syn telefoan ôfhellet, binne alle gegevens ek fuort.
It kabinet hat sân app-bouwers útsocht om de corona-app te leverjen. Sy moatte meidwaan oan in pitch dy't online te folgjen is. Freed docht net mei oan dizze striid. It bedriuw hie him wol ynskreaun om ekspertize te leverjen. Mar dêr is gjin reaksje op kaam.