Tim (15) kin net nei WK Minygolf en leit dêrom in golfbaan yn eigen tún oan

19 apr 2020 - 15:30

Tim de Boer (15) soe yn augustus nei it WK Minygolf yn Murnau (Dútslân), mar fanwegen it coronafirus is dat nei alle gedachten fan de baan. Gewoanwei traint Tim op Midgetgolfpark Friesland yn Appelskea, mar ek it park is sletten. Dochs hat Tim in oplossing betocht: túngolf.

Tim de Boer fan Easterwâlde - Foto: Henk en Alien de Boer

Tim is yn de moarntiid dwaande mei skoalle - thús fansels - mar yn de middei hat er noch wol wat tiid oer. Dêrom hat hy syn heit frege om in minygolfbaan te meitsjen foar yn de tún. De baan wie op in sneintemiddei klear en dêrnei binne der noch 14 hindernissen makke. Uteinlik wol Tim 18 hindernissen, sadat hy in echt rûntsje dwaan kin.

Tegearre mei syn pake is Tim dwaande om de hindernissen te meitsjen yn de garaazje. Fansels wol op oardel meter ôfstân.

(advertinsje)
(advertinsje)