ZZP-kok Syb Zijlstra is syn wurk kwyt, mar freget gjin útkearing oan

19 apr 2020 - 15:00

As freelance kok leit it wurklibben fan Ljouwerter Syb Zijlstra ynienen stil troch it coronafirus. Mar Zijlstra jout de moed net op. Hy besiket fan alles om noch wat jild te fertsjinjen en hellet dêr ek oare ZZP'ers by.

Fan syn 15de jier ôf is Zijlstra al kok. Twa jier lyn hie Zijlstra noch syn eigen restaurant yn Ljouwert. Mar dêr hold er mei op, hy ferkocht de saak en gie as ZZP'er fierder. As freelancer giet er by ferskillende restaurants oan 'e gong. Mar ek jout hy les yn itensieden op skoallen, is er belutsen by fitalensprogramma's fan gemeenten en hat er in foodtruck wêrmei't er mei syn kompanjon it lân troch giet. "En foar de hobby doch ik it ielrikjen der noch by", seit Zijlstra.

Coronafirus

Mar troch it coronafirus wurdt er net mear ynhierd troch restaurants, de skoallen binne ticht en it wurk foar de gemeenten leit stil. En as je earne op de iepenbiere dyk stean wolle mei in foodtruck, moatte je in fergunning hawwe. En dy fergunningen wurde foarearst net mear útjûn.

Zijlstra kin net stilsitte. "In útkearing oanfreegje? Nee, nee. Ik wol net libje fan in útkearing. Ik wol mysels rêde." Mei syn foodtruckkompanjon Jouke Piet gie er om tafel sitten. En tegearre kamen se op aardich wat ideeën dy't yn dizze tiid toch noch kinne.

Foto: Omrop Fryslân

Sopsnein

Sa hawwe se Sopsnein. "Minsken kinne hjir op myn stânplak yn Menaam op snein sop ophelje, op bestelling. En ek op in pear oare plakken yn Fryslân is it my slagge om ôfhelpunten te meitsjen."

Dêrneist freget Zijlstra bedriuwen oft hy mei de foodtruck of de ielrikker op harren bedriuweterrein stean mei, want dêr hoege je gjin fergunning foar te hawwen. En takom wike sille Zijlstra en Piet iten oanbiede mei filmkes derby. Sa kinne minsken thús in restaurant-weardich miel klearmeitsje.

Fryske ûndernimmers

En foar alle yngrediïnten skeakelet Zijlstra in soad oare Fryske ZZP'ers yn. De farske fisk komt fan Ale de Jager, de griente fan Gosse en Sjoukje ensafh. "De wat lytsere ûndernimmers, dy't gewoanwei oan de hoareka leverje, haw ik frege oft se dochs foar my wat leverje kinne." En sa biedt Zijlstra no ek Frysling wyn oan by syn mielen.

Zijlstra makket him noch gjin soargen oer de takomst, al wit er no noch net oft hy wol rûnkomme kin fan de opbringst fan syn ideeën. "Mar just yn de stillere perioaden betink ik wer nije dingen. Dan is dy romte der. Dus foar no fyn ik it wol bêst."

(advertinsje)
(advertinsje)