Yllegale graffityspuiters by Be Quick Dokkum; dieders binne filme

19 apr 2020 - 13:17

Twa jonges hawwe yn de nacht fan freed op sneon graffity spuite by fuotbalklup Be Quick yn Dokkum. De doarren fan de klaaihokken en it wolkomstboerd binne ûnderspuite mei gjalpen en tekens.

It wolkomsboerd by it kompleks fan Be Quick Dokkum - Foto: eigen foto Be Quick Dokkum

Op Facebook meldt it bestjoer fan de fuotbalklup dat de graffityspuiters filme binne. It bestjoer skriuwt ek dat de jonges in kâns krije om harsels te melden. As se dat net dogge wurde filmbylden oan de plysje jûn.

(advertinsje)
(advertinsje)