Trije dagen nei fjoerferbod op Skylge al brânstichting

De plysje fan Skylge siket tsjûgen fan brânstichting. De brânwacht fan it eilân waard krekt foar healve tolven alarmearre foar in natuerbrân. It fjoer wie oan Buiten de Kom yn West-Skylge. Neffens de plysje giet it nei alle gedachten om brânstichting, fanwege de oantroffen situaasje.
De brân wie yn 'e buert fan de mar Doodemanskisten, njonken West-Skylge. De brânwacht hie it fjoer aldergeloks gau ûnder kontrôle. Tongersdei hat de gemeente noch in smook- en stookferbod ôfjûn foar de natuergebieten op it eilân.