Jongelju bekeurd nei feestje op Sippen-finnen yn it Bûtenfjild

19 apr 2020 - 17:38

Yn Feanwâlden binne sneontejûn acht jongelju op 'e bon slingere fanwegen it oertrêden fan de coronaregels. De jongelju sieten om in kampfjoer hinne yn it Bûtenfjild, in natuergebiet by Feanwâlden. De plysje meldt dat der ek rotsoai en fernielingen oan strûken en boskjes oantroffen waarden.

Sippen-Finnen - Foto: Wikimedia Commons

De jongelju hiene it feestje op de Sippen-finnen, in eilantsje fan hûndert bunder dat eigendom is fan It Fryske Gea. Der is in kuierrûte op it eilân, mar yn it briedseizoen (tusken 15 maart en 1 july) is it gebiet sletten. Je kinne der allinne komme mei in boat of mei in draaibrêge.

(advertinsje)
(advertinsje)