FIDEO: Tsjerketsjinst by Omrop Fryslân

19 apr 2020 - 09:38

Yn Fryslân ferfalle de kommende wiken in soad tsjerketsjinsten yn ferbân mei it coronafirus. Om de Friezen dochs in tsjerketsjinst meimeitsje litte te kinnen, stjoert Omrop Fryslân alle sneinen live in tsjinst út. De tsjerketsjinst komt út de Martinitsjerke yn Frjentsjer wei en set om 10.00 oere útein. Foargonger is dizze kear dûmny Margarithe Veen en Jochem Schuurman is de oargelist. Fierdere muzikale begelieding is fan Alina Rozeboom.

Klik hjir foar de liturgy fan de tsjerketsjinst. De tsjinst ek te sjen op Omrop Fryslân telefyzje en wurdt om 12.00 oere werhelle. Nei ôfrin is de útstjoering ek werom te sjen fia Utstjoering Mist.

(advertinsje)
(advertinsje)