Coronanijs snein 19 april: Minder pasjinten mei corona yn Fryske sikehûzen

19 apr 2020 - 19:00

Yn dit liveblog melde wy it lêste nijs oer it coronafirus.

  • Yn Fryslân binne der oant no ta yn totaal 45 minsken ferstoarn oan it coronafirus, en 449 minsken binne posityf test.
  • Der lizze 19 coronapasjinten op de Fryske intensive cares en 38 op oare ôfdielingen yn de Fryske sikehûzen.
  • Al it nijs oer it firus is te finen yn ús coronadossier.
  • Sjoch op de kaart de aktuele situaasje yn dyn gemeente.

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

21:57
Ein fan dit liveblog

Wy binne oan de ein kaam fan dit liveblog fan snein 19 april oer it coronafirus. Elkenien tank foar it folgjen! Moarn ha we in nij liveblog op www.omropfryslân.nl en de Omrop-app. Dit wie it wichtichste nijs fan dizze snein:

  • GGD Fryslân makke bekend dat der sûnt sneon trije nije pasjinten oan it coronafirus ferstoarn binne yn de provinsje. Dêrmei komt it totale oantal minsken dat yn Fryslân ferstoarn is op 45;
  • De corona-app dy't it kabinet yntrodusearje wol om minsken dy't besmet binne mei it coronafirus op te spoaren is minder gefaarlik foar de privacy as Facebook, Instagram of Twitter. Dat seit Wouter Slotegraaf fan app-bouwer Freed út Surhústerfean;
  • Yn Feanwâlden binne sneontejûn acht jongelju op 'e bon slingere fanwegen it oertrêden fan de coronaregels;
  • As freelance kok leit it wurklibben fan Ljouwerter Syb Zijlstra ynienen stil troch it coronafirus. Mar Zijlstra jout de moed net ferlern;
  • Stichting Stoereloer wol Ljouwerters wat om hannen jaan yn dizze thús-sit-tiid. Dêrom diene se in oprop om mei syn allen keammerkes te bouwen foar in grut miniatuerhûs.
19:34
Minder pasjinten mei corona yn Fryske sikehûzen

Der lizze op dit stuit noch 19 pasjinten op de Fryske intensive cares. Dat is der ien minder dan sneon, doe't der 20 minsken op de Fryske IC's leine.

Der binne noch 38 pasjinten dy't bûten de IC's yn it sikehûs lizze. Dat binne der 2 minder as sneon. It giet om minsken dy't posityf test binne op it coronafirus, of dy't it firus nei alle gedachten hawwe.

16:48
Leararenfakbûn Leraren in Actie: skoallen moatte ticht bliuwe

Leararenfakbûn Leraren in Actie (LIA) makket him grutte soargen oer de sûnens fan it ûnderwiispersoniel as na de maaiefakânsje de skoallen - miskien diels of fazearre - wer iepen gean. It bûn seit dat der noch gjin dúdlikens is oer it besmettingsgefaar en de oerdraachberens fan it coronafirus by bern en jongerein. Ek, sa seit LIA, is it dreech fêst te stellen hokker risiko's (âlder) personiel hjirby rint.

Fanwegen dizze soargen fynt LIA dat de skoallen nei maaie ticht bliuwe moatte dan dat der oant de simmerfakânsje trochgean wurde moat mei it digitale ôfstânsûnderwiis. It bûn is tsjinstanner fan in kombinaasje fan ôfstânsûnderwiis en ûnderwiis yn de klasse, omdat dit ta te folle wurkdruk liedt foar leararen.

16:10
App-bouwer Surhústerfean: corona-app minder gefaarlik as sosjale apps

De corona-app dy't it kabinet yntrodusearje wol om minsken dy't besmet binne mei it coronafirus op te spoaren is minder gefaarlik foar de privacy as Facebook, Instagram of Twitter. Dat seit Wouter Slotgraaf fan app-bouwer Freed út Surhústerfean.

Neffens Slotegraaf wurket de app mei it prinsipe dat it tastel dêr't de app op sit in oar tastel yn de omjouwing werkent oan in koade. As in tastelbesitter it firus hat kin hy dat melde. Oare minsken kinne dan sjen oft se by dizze pasjint yn de buert west hawwe. Mar se sjogge net de namme of oare gegevens fan de pasjint. Allinnich de koade.

16:08
Minder as 1200 minsken op intensive care

It tal Nederlânske coronapasjinten op de intensive care is ûnder de 1200 sakke. It binne der no noch 1176 seit it Landelijk Coördinatiecentrum Patiënten Spreiding (LCPS). Dat binne der 25 minder dan sneon. Freed wiene it der noch 1235.

15:10
Ljouwerter kok besiket fan alles om jild te fertsjinjen

As freelance kok leit it wurklibben fan Ljouwerter Syb Zijlstra ynienen stil troch it coronafirus. Mar Zijlstra jout de moed net ferlern. Hy besiket fan alles om noch wat jild te fertsjinjen en hellet dêr ek oare ZZP'ers by.

14:58
Sjoch op de kaart de aktuele situaasje yn dyn gemeente
Trefwurden: 
coronafirus COVID-19
(advertinsje)
(advertinsje)