Koloniën van Weldadigheid: beslút wrâlderfgoedstatus troch corona útsteld

19 apr 2020 - 08:23

De saneamde 'Koloniën van Weldadigheid' moatte noch efkes wachtsje op in beslút oft sy wrâlderfgoed wurde of net. Dat komt troch de coronakrisis, dêrtroch makket it komitee foarearst noch net in beslút. Ien fan de fiif koloanjes is dy fan Frederiksoard, foar in part in Weststellingwerf.

Frederiksoard - Foto: Koloniën van Weldadigheid

Gewoanwei soe it komitee yn juny byinoar komme yn it Sineeske Fuzhou om te praten oer de Nederlânske en Belgyske koloanjes. Mar troch it coronafirus is dat foarearst efkes útsteld. Yn 2018 waard bekendmakke dat de koloanjes wrâlderfgoed-weardich binne, mar dat der noch wol better útlein wurde moat wêrom't de koloanjes unyk binne. It giet om Wortel in Flaanderen en Frederiksoard, Wilhelminaoord (Oostvierdeparten Noordwolde) en Veenhuizen yn Nederlân.

(advertinsje)
(advertinsje)