Plysje Ljouwert dielt wer coronaboeten út oan nachtbrakers

19 apr 2020 - 07:57

De plysje fan Ljouwert hat yn de nacht fan sneon op snein wer ferskate boeten útdield oan minsken dy't gearkloftsje en net genôch ôfstân fan inoar hâlde, fanwege it coronafirus.

Foto: Shutterstock.com (DutchMen)

Oan de Keidam hat de plysje om 2.30 oere trije persoanen yn in auto oanholden. De ynsitters wiene gjin húshâlding, dêrom hawwe alle persoanen in boete krigen fanwege de corona-needferoardening.

Letter yn de nacht krige de plysje in melding oer lûdsoerlêst. Dat barde om 5.15 hinne oan de Victoriestrjitte. Dêr waarden fjouwer minsken yn in wente fûn. De minsken woene de doar lykwols net iepenje, dêrom hat de plysje de doar úteinlik sels mar iepene. Alle oanwêzige minsken hawwe in boete fan 390 euro krigen, om't sy mei tefolle byinoar wiene en net genôch ôfstân holden.

(advertinsje)
(advertinsje)