Graffitykeunstners meitsje oade oan fiskers en de see by Lauwerseach

Lauwerseach krijt fan it graffityduo 'Pipsqueak was here!!!' út Amsterdam in oade oan de see kado. It giet om in graffitykeunstwurk op grutte opslachkonteners yn de haven noardlik fan Lauwerseach. It keunstwurk moat gean oer de see as mienskiplik goed en as boarne fan libben en iten.
In earder keunstwurk © Pipsqueak was here!!!
It keunstwurk sil takom woansdei makke wurde, dat is fia Webcam-Lauwersoog te folgjen op ynternet. Dy mooglikheid is opset om't der fanwege it coronafirus gjin minsken by wêze meie.

Minsk en natuer

'Pipsqueak was here!!!' bestiet sûnt 2001 en de keunstners ûnder dizze namme hâlde harren dwaande mei profesjonele streetart. Faak giet harren keunst oer de natuer en hoe't de minsk dêrmei omgiet. Yn de skilderingen binne faak jonge famkes yn in foar harren nuvere wrâld te sjen

Fiskersfroulju

Yn it keunstwurk by Lauwerseach komme ek famkes: de figueren wurde basearre op de bernefoto's fan trije bekende fiskersfroulju: Barbara Holierhoek, Sarah Verroen en Barbara Rodenburg-Geertsema. Holhierhoek is foarsitter fan fiskersferieningen Ons Belang fan Harns en Hulp in Nood fan Lauwerseach. Ek hat sy as earder bestjoerslid fan de Nederlandse Vissersbond in soad dien foar fiskers. Verroen wurket by VisNed, dat opkomt foar de kotterfiskerij, en hat har ynset foar ferbining tusken lânbou en fiskerij. Rodenburg-Geertsema is sels fisker, hat in fiskrestaurant en besiket duorsume fiskerij te stypjen.