Brânwacht krijt natuerbrân by Bakkefean rap ûnder kontrôle
De brânwacht hat sneontemiddei in natuerbrân by Bakkefean rap ûnder kontrôle krigen. De brân ûntstie yn it bosk oan de Foarwurker Wei en is nei alle gedachten oanstutsen troch twa minderjierrige jonkjes.
De mem fan ien fan de beide jonkjes hat op de lokaasje fan de brân oan de plysje fertelt dat se mei lúsjefersprikjes oan it boartsjen wiene it it bosk en dat dat it fjoer nei alle gedachten feroarsake hat.
Om't de wetterwinning yn it bosk lestich wie, is der ek in wetterwein fan de brânwacht út Drinte oproppen by de bestriding fan it fjoer.