Plysje hellet Fryske jongerein mei arrestaasjeteam út bosk

De plysje hat freedtejûn fjouwer jongerein yn Luttelgeest (Flevolân) oppakt, dy't dêr yn it bosk mei wapens omsjouden. It giet om trije manlju en ien famke, allegearre út De Fryske Marren.
© ProNews
In tsjûge hie by de plysje melding makke fan in fertochte situaasje yn it bosk. Nei de melding hat de plysje it bosk ôfsetten, en is mei in arrestaasjeteam op syk gien nei de fertochten. Dêrby fûn de plysje in auto, dêr't de fjouwer minsken út de Fryske Marren ynsieten. It giet om in man fan 22 jier, twa manlju fan 20 jier en in famke fan 16 jier.
Yn de auto fûn de plysje ferskate luchtdrukwapens. Neffens de fertochten wiene se op jacht yn it bosk. It Iepenbier Ministearje siket dat noch út. De fjouwer krije yn alle gefallen in bekeuring, om't se mei fjouwer minsken yn in auto sieten. Yn ferbân mei it coronafirus mei dat op dit stuit net.