Fytser by Ie ferwûne nei oanriding troch auto

18 apr 2020 - 16:28

Op de Humaldawei by Ie is by de krusing mei de Grienewei sneontemiddei in fytser oanriden troch in auto. De fytser rekke ferwûne en moast mei de ambulânse nei it sikehûs brocht wurde.

Foto: De Vries Media

De Humaldawei hat tydlik ôfsletten west troch it ûngelok. De auto rekke troch de botsing skansearre. Nei't de plysje in ferklearring ôfnommen hie, koe de bestjoerster wer fierder.

Trefwurden: 
ûngelok Ie fytser
(advertinsje)
(advertinsje)