FIDEO: twa jonge see-earnen by Koudum

18 apr 2020 - 16:00

Twa jonge see-earnen binne útkommen op it nêst by Koudum. De fûgels binne foar it tredde jier efter inoar yn Koudum, ferline jier krigen sy foar it earst in jong. Fûgelfotograaf Albert Draaijer lei it fêst op film.

It Fryske Gea makke it goeie nijs bekend. Twa moanne lyn kamen de see-earnen werom nei Koudum. De aaien binne ein febrewaris lein en de jongen binne der nei alle gedachten op 7 of 8 april út krûpt. De jongen bliuwe oant ein juny op it nêst. De rôffûgels komme oarspronklik út Dútslân en neskje sûnt 2017 yn Koudum yn in gebiet dat beheard wurdt troch It Fryske Gea.

By it plak fan it nêst fan de see-earnen meie gjin minsken komme. It Fryske Gea wol foar de fûgels de rêst bewarje, want dat is nedich om de jongen goed op te bringen.

Striidtoaniel

Yn De Alde Feanen is ferline jier ek in jonge see-earn grutbrocht mar dit jier wie dat nêst it toaniel fan in grutte striid tusken in nylgoes, in hauk en de see-earnen. Ferrassend genôch hat de goes wûn, dizze fûgel hat aaien lein mar dy binne midden yn de nacht wer stellen troch in stienmurd. Alles is fêstlein troch in nêstkamera fan It Fryske Gea.

Trefwurden: 
see-earnen Koudum nêst
(advertinsje)
(advertinsje)