Opsterlands Belang stelt fragen oer gebrek oan senioarewenten

Opsterlands Belang hat fragen steld oan it kolleezje fan de gemeente Opsterlân oer de senioarewenten yn de gemeente. De opposysjepartij is bang dat der troch de fergrizing yn de takomst net genôch plak is foar de âlderen yn Opsterlân.
© Omrop Fryslân, René Koster
Neffens Opsterlands Belang snijt it mes oan twa kanten as der mear senioarewenten komme, want dan komt der ek wer romte frij foar jonge gesinnen.
De inisjativen foar senioarewenten wurde neffens de opposysjepartij lykwols tsjinwurke. De partij freget it kolleezje derom om de partikuliere inisjativen aktyf te stypjen troch bygelyks bestimmingswizigingen oan de ried foar te lizzen, omdat der oars net genôch wenningen foar âlderen yn de doarpen komme soenen.