Yn coronatiid thús oan in miniatuerhûs wurkje

19 apr 2020 - 09:07

Stichting Stoereloer wol Ljouwerters wat om hannen jaan yn dizze thús-sit-tiid. Dêrom diene se in oprop om mei syn allen keammerkes te bouwen foar in grut miniatuerhûs. Mar dan wol allegearre apart thús. Yn de earste wike wiene der al 100 dielnimmers.

It mienskipsprojekt is net allinnich foar bern, mar ek foar âlderen, want Stoereloer fynt dat dy groep hurd rekke wurdt troch de coronakrisis. De boupakketsjes wurde ophelle om ien grut miniatuerhûs fan te meitsjen, Der komt dan ek in firtuele toer trochhinne. Opjaan kin noch oant en mei 23 april by Stichting Stoereloer yn Ljouwert.

(advertinsje)
(advertinsje)