Lyts brantsje by Sweagerbosk, gau ûnder kontrôle

18 apr 2020 - 14:11

Oan de Spoarbuorren-Noard yn Sweagerbosk hat sneontemiddei in brân west. It giet om in brantsje by in boerebedriuw. De brânwacht fan De Westereen wie gau op it plak en hie it fjoer gau ûnder kontrôle.

Foto: De Vries Media

De oarsaak fan de brân is noch net dúdlik, al soe it mooglik te krijen hawwe mei in plestik bak.

(advertinsje)
(advertinsje)