Personiel fan bernesintrum De Torteltuin lit mei in lipdub sjen hoe't it moat

18 apr 2020 - 13:52

It personiel fan bernesintrum De Torteltuin op It Hearrenfean hat in lipdub makke op it nûmer 'Anderhalve Meter' fan Ali B. en Poke. Sa wolle sy op in aardige wize de regels tsjin it coronafirus útlizze oan de bern fan Nederlân. Sy hawwe de plysje fan It Hearrenfean ree fûn om ek mei te wurkjen.

Neffens liedster Dieuwertje de Goede witte de bern wol hoe't it moat, mar wat ekstra stipe is neffens har nea ferkeard. "Deze tijd is voor volwassenen al heel erg verwarrend laat staan hoe het voor kinderen is. We willen het toch ook op een leuke manier overbrengen. Ze zijn al de hele dag aan het handen wassen, dus nu even wat ludieks tussendoor."

Besjoch hjirûnder de folsleine lipdub:

Aparte tiid

De opfang hat normaal plak foar 350 bern. Troch de coronakrisis komme der no allinnich bern fan âlders mei in fitaal berop. "We hebben nu gemiddeld tussen de 5 en 20 kinderen per dag, dat is wel even andere koek", seit De Goede.

Om dochs kontakt te hâlden mei de oare bern stjoere de liedsters regelmjittich fideoboadskippen, en dy krije se ek faak wer werom. "Dan zie je ook dat het wel een aparte situatie voor ze is. Ze snappen niet dat zij en hun ouders zoveel thuis zijn", sa seit De Goede.

Ferslachjouwer Timo Brinkman seach by De Torteltuin

(advertinsje)
(advertinsje)