Noed oer sport yn Smellingerlân: fjilden ONT yn De Pein leech troch corona

De sportferieningen yn Smellingerlân hawwe noed oer de takomst. Mei in grutte advertinsje yn in regionale krante wurdt besocht om te foarkommen dat leden opstappe no't dúdlik wurden is dat dit sportseizoen ferlern is. Fuotbalferiening ONT fan De Pein hat noed oer hoe't it nei corona komt.
ONT yn aksje
Foarsitter Jeen Visser fan fuotbalferiening ONT seit dat de situaasje fan sportpark Douwekamp yn De Pein wol yn 'e knipe sit. "Wy geane der fanút dat wy it seizoen net ôfmeitsje, en trainingen sil ek net folle wêze. Dan misse wy dochs oant juny ta sa'n 30 oant 35 persint fan ús ynkomsten elts jier. Wy hawwe in eigen kantine. Dat is in substansjeel oandiel fan ús totaalomset. Dus finansjeel is it in ierlitting."

Unwêzentlik

De Pein hat wol in grutte feriening. "Wy hawwe goed 650 leden. Dêrfan spylje der sa'n 40 teams eltse sneon. Oars is it op in sneon tige drok, bûten en binnen. Is it ûnwezêntlik. Mar wy binne net benaud. Der binne wol soargen, want wy lizze al 4-5 wiken stil. Mar eangst hawwe wy ek wer net. Wat mear in útdaging is: hoe krije je eltsenien wer lyk út de startblokken, en thús fan de bank."
Lege fjilden by fuotbalferiening ONT op Sportpark Douwekamp yn De Pein © Omrop Fryslân, Freark Wijma
Der komme gjin ynkomsten út de kantine, mar der moat wol hier betelle wurde foar de fjilden. "Njonken de oerheidstasizzingen hawwe wy as sportferieningen fan Smellingerlân in brief nei de boargemaster stjoerd om de hier foar it twadde part fan it seizoen foar de fjilden dy't wy no net brûke kinne ek net te belêsten. De akkomodaasje is fan ús sels. Wy hawwe noch net in reaksje hân, mar wy hawwe der wol betrouwen yn dat der in temjittekomming komt fan de gemeente."
Visser bliuwt hope hâlden. "En miskien kinne de noardlike provinsjes wer wat earder úteinsette om't dit gebiet wat minder troffen is."
Ferslachjouwer Freark Wijma yn De Pein