Twa nije stjergefallen yn Fryslân, tal positive testen rint op ta 438

18 apr 2020 - 16:02

Der binne sûnt freed twa minsken yn Fryslân ferstoarn oan it coronafirus. It totaal oantal minsken dat yn de provinsje ferstoarn is oan it firus, leit no op 42. Der binne 20 minsken bykaam dy't posityf test binne, dêrmei komt it totaal op 438. Fierder lizze der op dit stuit 61 minsken yn de sikehuzen. Dat docht bliken út de nijste sifers fan Veiligheidsregio Fryslân.

Foto: Shutterstock

Margreet de Graaf fan GGD Fryslân is foarsichtich posityf oer de nije sifers. "Het is in het noorden vrij rustig. Het is onder controle met de maatregelen die er nu zijn. We weten niet wat het kabinet gaat aankondigen, maar op dit moment houdt iedereen zich netjes aan de regels en werken de maatregelen goed."

Regionale ferromming

Troch guon eksperts wurdt der oan tocht om as saneamde 'exit-strategy' earst yn bepaalde regio's de maatregels te ferromjen. De Graaf wit noch net oft dat wol sa'n goed idee is. "Er zijn weinig maatregelen die niet effect hebben op gedrag. Als je de horeca weer open doet, dan komen mensen uit andere delen van Nederland met de auto naar een restaurant. Datzelfde geldt als je de toerismesector weer open gooit. Het heeft allemaal meteen effect, daarom moet je heel voorzichtig kijken", seit se.

Neffens De Graaf kinne bygelyks de skoallen miskien wol regionaal earder iepen. "Bij de kinderopvang en de lagere school zitten niet zoveel reisbewegingen. Het bezoeken aan ouderen zou ook een versoepeling gezocht kunnen worden. Maar ik wil er niet op vooruitlopen, want er wordt goed over nagedacht", sa seit De Graaf.

Moaie waar

Ek dit wykein is it wer prachtig maaitiidswaar en dan is de ferlieding wol hiel grut om nei bûten te gean. "Als mensen zich echt opgesloten voelen in hun flatje, kijk dan of je ergens heen kan gaan waar niet zoveel mensen zijn. Het gaat er meer om dat mensen niet bij elkaar klitten op festivals, barbecues of in het ov", seit De Graaf. "Als je een keer een frisse neus wil houden doe dat vooral, maar zoek de ruimte op."

Margreet de Graaf fan GGD Fryslân oer de nijste sifers

Trefwurden: 
GGD Fryslân coronafirus
(advertinsje)
(advertinsje)